Snein 7 augustus 2016 Pearke Teatsen yn Mantgum

Pearke keatsen om it iepen kampioenskip fan de gemeente Littenseradiel, foar de tsiende kear organisearre troch K.F. Jacob Klaver. Om safolle mooglik teatsers nei Mantgum te krijen is it elts jier wer sykjen nei de meast geskikte datum. Dit jier wie d’r keazen foar de snein nei de PC.

Ferline jier 12 july wiene d’r stikmannich jongeren dy’t net meidienen omdat hja yn de (wer)eksamens sieten. No hiene we mear lêst fan fekânsje en boufak dan ferwachte wie. Mar dochs 40 partoer teatsers is in moaie list en wat hawwe we wer prachtige teatspartijen sjoen. Under lieding fan Sjirk en Jelle binne d’r acht teatsfjilden útlein. D’r wurdt wer spile mei in winners en ferliesers omloop. De wedstriidieding waard fersoarge troch Geart en Hendrik. It waar wie goed al koene we it net de hieledei droech hâlde. Neffens Hendrik wie waarman Piet d’r wis fan dat it it dizze dei net reine soe. PIet Paulusma sit d’r te faak nêst fynt Hendrik, jo kinne net mear op him oan! Lokkich wie d’r fierders nimmen dy’t him drok makke om Piet syn misfetting. Krekt as de lêste jierren gongen de grutste prizen nei de Spannumers. De winner fan ferline jier Duko Harkema wie d’r dit jier net bij, hij stie yn dubio, mei teatse yn Mantgum of mei de frou op fekânsje. Toch mar teatse wie it beslút fan Duko, mar wer mei Richtsje dert hij it ferline jier mei wûn hat wie it doel. Mar dêr stuts syn frou in stokje foar ”asto mei teatse wolste dochst dat mei mij”wie har antwerd. Doe beslút Duko om dochs mar op fekânsje te gean. De winst gong dit jier nei Seriette Strikwerda en Ydo Harkema beide fan Spannum. Om ta de winst te kommen moasten hja fiif kear teatse, op de trije hiene hja in steand nûmer. De earste trije omlopen waarden oertsjûgjend wûn, hja krigen gjin inkel tsjinearst. Yn de fierde omloop moasten hja it opnimme tsjin de pleatslike favoriten Lyssa van der Ende en Sander Hageman. It waard in moaie partij en oant trije earsten gelyk ta wie d’r lykwicht. Dernei pakten de Spanummers, op de standen wer it der om gie, de punten en wûn de partij op 5-3 en 6-6 De oare finalisten binne ek Spannumers nammentlik Richtsje Strikwerda en Bote Strikwerda.. Hja moasten fuort al goed oan de bak tsjin it partoer fan Marijke Kingma Dronryp en Nando Dykstra Wjelsryp. Op 5-4 en 6-2 gong de winst nei Richtsje en Bote. Oant de heale finale ta waard frij ienfâldich wûn, hja krigen yn trije partijen mar trije tsjinearsten. Yn de heale finale moatte hja it opnimme tsjin de winners fan de ferliesers omgong fan ferline jier, Martine Miedema Hylaard en Haaye Miedema Stiens. De Miedema’s komme ta de helte en ferlieze mei 3-5 en 0-6. De finale waard in prachtige partij mei spektakulêr teatsen. Sûnder de manlju te koart te dwaan wiene it foaral de froulju die fantastysk stiene te teatsen. De lettere winners kamen mei 3-5 efter, de efterstân waard echter fuortwurke en alles kaam oan de hang, op 5-5 en 6-6 gong de winst nei Seriette en Ydo. Ek de finale yn ferliesers omgong wie spannend, op de stân 4-5 en 4-6 ferlearen Mirjan Goodijk en Jelmer van der Valk fan Rixt Keuning en Sierd Bootsma Utslach: 1e pr. Seriette Srikwerda Spannum en Ydo Harkema Spannum 2e pr. Richtsje Strikwerda Spannum en Bote Strikwerda Spannum 3e pr. Martine Miedema Hylaard en Haaye Miedema Stiens 4e pr. Johanna Aalberts Grou en Wybrand Boersma Grou 4e pr. Lyssa van der Ende Mantgum en Sander Hageman Baard 1e pr. ferl. Rixt Keuning Wiuwert en Sierd Bootsma Sybrandabuorren 2e pr. ferl. Mirjan Goodyk Ljouwert en Jelmer van der Valk Mantgum 3e pr. ferl. Wietske Vermeulen Mantgum en Skelte Anema Mantgum Nei de tiid in prachtich optreden fan Sytse Haaima, dy de sfear d’r goed yn wist te bringen. De neisit spile him ôf op it terras, it wie de jûns prachtich waar. Geart

Geplaatst op 07 August 2016